It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!

Geen producten in de winkelwagen.

Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De stilte fan Joachem

Mindert Wijnstra

10,90

Details

Joachem is tolve jier. Hy stammeret, mar hat ek in bysûnder talint: hy tekenet alles wat syn eagen sjogge. Hy praat al in healjier mei gjinien. Hy wol gewoanwei net wer prate, noait wer. Sels net mei Marijke, syn freondintsje. Mei syn tekeningen fertelt er mear as mei wurden.

Der is ien yn it doarp dy’t him begrypt. “Einstein”, in wûnderlike man dy’t bûten it doarp wennet en dêr’t frjemde ferhalen oer gean. Einstein hat niget oan it tekentalint fan Joachem. De âldman en de jonge slute freonskip. In freonskip dêr’t ek Marijke bûten stiet.Op ‘en nij in yndrukwekkend berneboek fan Mindert Wijnstra dêr’t jong en âld fan genietsje sille.

10+


Tante Tjits: “De titel fan it boek docht net drekt tinken oan in spannend ferhaal. En yn it boek sels is der ek in soarte fan rust, stilte, krekt as dy fan Joachem. Mar der barre wol in soad spannende dingen. De moaie beskriuwingen fan Mindert Wijnstra bringe my echt yn it ferhaal. De iensummens fan de pleats fan Einstein, de stilte fan de poel yn it natoergebied, prachtich delset. In moai boek, wêryn ‘t mar wer ris dúdlik wurdt dat dingen soms oars binne as se lykje.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tante Tjits.

Fleur de Vries: “It boek is hiel fijn om te lêzen, omdat in protte jongeren harren yn de karakters fine kinne. In protte Fryske jeugd wennet krekt sa as Joachem en Marijke yn in gewoan Frysk doarpke dêr’t rabberij is en elkenien inoar wol ken. Dêrneist bringt it boek ek it ûnderwerp stammerjen yn it ljocht, dêr’t begryp foar komme moat.” Lês hjir de folsleine resinsje.

Author : Mindert Wijnstra Illustrator : Babs Wijnstra Leeftyd : 12-15 jier, 15+ jier, 8-12 jier Domein : Lêzen Underwiissoart : fuortset ûnderwiis, primêr ûnderwiis Categorie: , .