Spegelspreuk - Audioboek
Lida Dykstra
€12,00
Details
Lústerboek
De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Princessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve slacht, bisten fan tegels ta libben. En ek noch in grutte man dy’t Willem de namme Lodelakei jout. Tegearre mei Lodelakei besiket Willem de spegelspreuk om te kearen. Want de betovering begjint hieltyd mear út de hân te rinnen. It wurdt in striid tsjin de klok. Willem en Lodelakei reizgje dwers troch Ljouwert, soms midden yn ‘e nacht. Sil it har slagje de stêd te rêden fan sân ferskuorrende, fjoerspuiende draken?
Spegelspreuk jout in soad nijsgjirrige ynformaasje oer de stêd Ljouwert en it libben oan it hof fan Marijke Muoi yn ‘e 18de ieu. Dat skriuwster Lida Dykstra keunsthistoaricus fan berop is, docht wol bliken. Der binne yn dit boek allerhande histoaryske gegevens en ôfbyldings ferwurke. Learsum, jawis. Mar boppe-al is Spegelspreuk in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei.
Foarlêzen troch de skriuwer.
3 cd’s.