Kategoryen

No products in the cart.

Yllúzjes fan it Fryske lânskip/ Illusies van het Friese Landschap /Illusions of the Frisian Landscape (meartalich)

Eric Giraudet de Boudemange

20,00

Details



De jonge Frânske keunstner Eric reizget skrank en skriks troch Fryslân op siik nei de Fryske folksaard. Hy ferdjippet sich yn de lokale sport-kultuer en ekology, sa as it fierljeppen en bedrige greidefûgels. Troch wûnderlike moetingen rekket hy mear en mear betize in de kultuer en kriget er fet op it mysterieuze plak fan ‘e minske yn it universum.

Dizze novelle is in fertelling fan de wier barde ûntdekkingsreis fan Eric Giraudet de Boudemange (1983) yn syn wurkperioade by Kunsthuis SYB yn Beatstersweacht, yn 2015. Syn ûndersyk resultearre earder yn de tentoanstelling en in performance mei de titel ‘Illusions of a Frisian Landscape’ dy’t dernei diels is opnaam yn de kolleksje fan it Frysk Museum.

It ferhaal is optekene nei oerlevering en in naue gearwurking mei Eric en yllustrearre mei ûndersyksdokumintaasje, kollaazjes en foto’s fan de performance. It boek ferskynde tagelyk mei de solo-tentoanstelling ‘The Story of Water, Milk and Lapwing Eggs’ yn it Frysk Museum, in 2017 mei video-ynstallaasjes en skulptueren oer it fierljeppen – as spul tusken lichem en lânskip.

Dizze publikaasje is in inisjatyf fan it nomadysk keunstinisjatyf ‘Festival of Sports’ en befettet in Nederlânske, Ingelse en Fryske fertaling.

Oersetter: Karst Tjoelker, Rosie Heinrich ISBN: 9789090303987 Taal: Engels, Fries, Nederlands Utjouwer: Festival of Sports Kategory: , , , .