Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Wolken fan wol

Lida Dykstra

12,50 5,00

Net op foarried

Details



‘Wolken fan wol’ is in bewurking fan seis ferhalen út de ferneamde Metamorfoazen fan de Romeinske skriuwer Ovidius (43 f. Kr. – 17 n. Kr.) It giet oer de machtsstriid tusken goaden en minsken en it blykt dat goaden krekt sokke swakke karakters hawwe as stjerlingen: se binne faak jaloersk, dom, erchtinkend en benammen opljeppend. Wa’t mar efkes in foet ferkeard set fynt himsels werom yn it lichem fan in bist, beam of blom.

Yn febrewaris 2001 krige ‘Wolken fan wol’ de Welpeprint foar it bêst fersoarge Fryske jongereinboek. By útjouwerij Lemniscaat út Rotterdam is yn septimber 2001 ûnder de titel ‘Wachten op Apollo’ in Nederlânske oersetting fan it boek ferskynd. Dizze oersetting is bekroand mei in ‘Vlag en wimpel’ en in nominaasje foar de ‘Jonge jury’. De earste druk wie yn in jier útferkocht.