Kategoryen

No products in the cart.

Wolf yn harnas

Cornelis van der Wal

12,00

Details



Wolf yn harnas
dichtbondel Cornelis van der Wal

Cornelis van der Wal slagget der hieltyd wer yn om in miny-universum op te roppen, syn lêzers mei te fieren yn fragminten fan geheimsinnige ferhalen of trochkykjes te jaan fan in soarte fan fisionêre, gauris gewelddiedige tafrielen. Wy wurde ûnder oaren konfrontearre mei in wurge sinne dy’t de kust ferniele wol, in preker dy stjert foar’t er in stille stêd mei palmen en kristallen fivers berikt en skyldpodden dy’t swiere fuorgen yn de loft lûke. Boppe dizze rykdom oan bylden hinget it driigjend skaad fan in yn harnas opsletten wolf: symboal fan de siel dy’t nei ferlossing siket? Of in byld fan de sjenner dy’t, hermetysk ôfsletten fan alle steuringen fan bûten, it mystearje fan it bestean ûndersiket? De gedichten hâlde it iepen, want it lêste wurd sprekke betsjut faaks wol de ein: “Sûnder stoer skyl fan stiel, sil ik dan net stjerre?”

“Illuminations”. Sa neamde de dichter Paul Verlaine it lettere wurk fan syn kollega en freon Arthur Rimbaud. Mei dat wurd tsjutte er net allinnich op mominten fan geastlike ferljochting, mar ek op wat er  “coloured plates” neamt, detaillearre fersieringen of miniatuerkes út Midsieuske hânskriften. De gedichten út Wolf yn harnas binne krekt sa.

Frysk, paperback, 46 siden