Kategoryen

No products in the cart.

Werom nei Fryslân

Ulke Brolsma

17,50

Details



Nei it sükses fan syn boek Werom nei Grou krige Ulke Brolsma de smaak te pakken en sa leit der in twadde boek mei oantinkens.
Yn Werom nei Grou wie de wrâld beheind. Alles spile him ôf by de toer fan Grou en op ‘e mar. Foar dizze bondel hat Brolsma syn geastlike hoarizon oprutsen, no hielendal oan de lânsgrinzen fan ús provinsje ta – en betiden ek noch in bytsje derbûten. De ferhalen jouwe in byld fan syn aventoeren yn de jierren sechtich.
Skilderachtige persoanen en tastannen passearje de revu. De skriuwer docht ferslach fanút in wurkkamp yn Joegoslavië en fanút in kibboets yn Israël. Guon ferhalen binne fleurich, oaren wat swiersettich, mar al mei al leverje se in meinimmend tiidsbyld op fan dy roerige jierren.