Kategoryen

No products in the cart.

Viglius van Aytta - strateeg in een eeuw vol tegenstellingen

14,95

Details



Yn de sechtjinde iuw ûntstiet ûnder ynfloed fan it humanisme in grutte ynteresse yn de Klassike Aldheid. Nei it foarbyld fan Romeinske keizers, litte wittenskippers en politisy har ôfbyldzje op pinningen. Dy pinningen diele se út as ‘relaasjegeskink’. Viglius hat ek ferskillende pinningen meitsje litten. Op de foarside lit er himsels ôfbyldzje mei syn titels. Op de kearside stiet meastal syn wapen of syn biedwurd. Op dizze pinning neamt Viglius himsels: V. I. Doc. (Doktor yn it tsjerklik en it Romeinsk rjocht).

Op de kearside fan dizze pinnings stiet it wapen fan Viglius: in gearbûne weetskeaf. Omke Bucho brûkte dat symboal ek. In opbûne nôtskeaf is in symboal foar de bouboeren, it ferwiist nei in fruchtber stik lân en in rike rispinge. It wapen kin ek sjoen wurde as in mission statement, ‘De rykdom moat gearbûn wurde.’
Dat slút oan by de politike kar dy’t Bucho en Viglius meitsje. Beide mannen binne trouwe ‘foarstetsjinners’. Se binne der fan oertsjûge dat in folk allinne sterk wêze kin as it laat wurdt troch in foarst.

ISBN: 9789083001203 Tal siden: 76 Taal: Fries, Nederlands Utjouwer: Afûk in samenwerking met Tresoar Utfiering: paperback Kategory: , , .