Kategoryen

No products in the cart.

Stimmen út in doarpsferline 1854-1954

12,00

Details



Stimmen út it ferline 1854-1954

Rients Faber

Al as jonkje siet de skriuwer yn in âld foto-album om te noaskjen. It album mei portretten hie hurdkartonnen siden en in moai kleurd omslach. Fan guon persoanen op de portretten wisten syn mem en sels syn pake de nammen net mear. Jierrren letter soe de skriuwer de syktocht nei de foarbije libbens wer oppakke.

Tusken 1915 en 1927 skreau Tytsje Odinga (1854-1927) brieven út Weidum oan har soan Jehannes en syn húshâlding yn Grins. Dizze brieven foarmje, njonken oare epistels, in belangryk ûnderdiel fan it foarste part fan it boek. Tytsje wie al jong widdo fan de Fryske folksdichter Jouwert Jorritsma (1857-1889). Dat wie reden foar har om werom te kearen nei har famylje yn Weidum. Tragysk foar dizze moedige frou wie dat se yn 1922 ek har beide dochters ferlear: Dina en Anna. Dina wie troud mei de timmerman Eise Groeneveld. It stel wenne yn Bears. Der is besocht foar Tytsje har en oare brieven de oarspronklike Fryske inerlike dialooch, dy’t foarôfgie oan de skreaune tekst, te rekonstruearren yn it Frysk.

Yn it twadde part komt de perioade nei 1927. Earst giet it ferhaal nei Mantgum, wêr’t yn 1928 Maaike Bylsma, de beppe fan skoansoan Eise, hûndert jier waard. Oer Maaike har libbensferhaal, dat al begûn in de earste helte fan de 19de iuw joech in fraachpetear mei de krante nijsgjirrige ynformaasje. Dernei wurdt it libben fierder folge fan Tytsje Odinga har beppesizzer Tite mei hat heit Eise: yn Bears oant 1924, yn Rien oant 1934 en úteinlik yn Huzum. It ferstjierren yn 1922 fan Dina Jouwertsma hie yngripende gefolgen foar har man en twa dochters.

Utjûn yn eigen behear

ISBN:9789082132649

Paperback 159 siden