Kategoryen

No products in the cart.

Sterke skouders

Hanneke de Jong

14,50

Details



Uteinlik belánje ik dêr’t ik wêze wol, by de seedyk. Ik lit myn fyts falle, doch it skeane stekje iepen en draaf de dyk op. Foar my leit bûtendyks lân en noch folIe fierder fuort glinstert de Waadsee. Dêr ergens moat er wêze.Mei de hannen foarmje ik in toeter foar de mûle en rop: ‘Heit! Heit!’ It lûd waait fuort, noch hast foardat it ta de mûle út is en noch lûder raas ik: ‘Heit, heit, wêrom litst neat fan dy hearre? Heit, heit!’ Ik raas en brul en skreau, ik rop dat ik heit haatsje en ik skel him ut foar alles wat ik betinke kin, krekt salang oant ik hielendal leech bin. Dan lit ik my plat op ‘e kâlde, wiete seedyk falle en snúf de rook fan gers en ierde op. Wêrom lit er neat fan him hearre? …

De 16-jierrige Willem wennet net mear by syn âlden op it eilân, mar by syn omke en tante oan ‘e wâl. Hy giet yn ‘e stêd op skoalle. Willem wol syn heit net sjen en as syn mem op besite komt, soarget er dat er net thús is. Hoe komt it dat er sa lilk is op syn heit? Sterke skouders giet oer Willem syn syktocht nei wat him yn syn bernejierren ôfspile hat.

Auteur:: Hanneke de Jong ISBN:: 9789089546685 Tal siden:: 127 Taal:: Frysk Utjouwer:: Elikser Utfiering:: paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten

Heksegrytta
Yn winkelwein
15,00
Losse hannen
Yn winkelwein
16,50