Kategoryen

No products in the cart.

Sate Humalda

Reinder Brolsma

21,50

Details



Sate Humalda is in boek dat der yn it oeuvre fan Reinder Brolsma út rint. Brolsma is de skriuwer fan ferneamde boereromans as It Heechhôf en Grûn en minsken. Yn Sate Humalda komt it boerelibben ek oan ‘e oarder en de haadpersoan is in boer, mar ien dy’t sympaty fielt foar it sosjalisme en de opkomst fan it sosjalisme foarmet dan ek de echte reade tried fan it ferhaal. Troch dat polityk elemint sette Brolsma syn lêzers, dy’t faak op ‘e siik wienen nei de romantyk yn ‘e boerewrâld, in net sa’n noflik boek foar.
Sate Humalda is troch de persoanlike refleksjes fan de skriuwer op de feroaringen yn it boerfermidden en syn eigen – wikseljende – opfettingen oer de wrâld om him hinne, ek gauris in stikelich boek.