Kategoryen

No products in the cart.

Rûntsje Hûntsje

27,50

Details



Wat dochst as der in nuver tsjuster gat by dy op skoalle ûntdutsen wurdt? Silst op ûndersyk út of rinst der it leafst mei in ‘heal rûntsje’ omhinne? Is it allinnich mar tsjuster of komst dêr ûnder miskien wol prachtige kleuren tsjin?

Dit boek befettet lessen as tarieding op de beukerfoarstelling ‘Rûntsje Hûntsje’, mar soe likegoed ek los derfan brûkt wurde kinne. Mei de lessen wurde bern útdage om iepen te stean foar it ûnbekende. De lessen binne ynspirearre troch it ûntdekkend learen en wurde oanbean neffens it ferhalend ûntwerp. De natuerlike nijsgjirrichheid by bern is it útgangspunt. Op dizze wize wurdt it kreative tinken by beukers oanwakkere. Der wurde in soad suggestjes dien foar koöperative wurkfoarmen, sadat der in soad ynteraktive en learrike mominten ûntstean.

Sjen hoe dit boek brûkt wurdt? Gean nei dit filmpke.

By oankeap fan it boek ûntfange jo in poster en in magneetsticker.

 

 

Tal siden: 18 Utfiering: kartonboek Taal: Fries, Nederlands Utjouwer: Tryater Jong Kategory: , .