Kategoryen

No products in the cart.

Nij

Reisgids Hilgelân

Tako P. R. de Jong

20,00

Details



Dizze gids is in nea earder byinoar brochte skatkeamer: geology, prehistoaryske fynsten, oerâlde ferhalen, ferdwûne timpels en goaden, iuwen striid, rûge piraterij, ferneatiging en weropbou. De rykdom oan flora en fauna binne oars al genôch reden om ôf te reizgjen: nearne oars kinne seefûgels en seehûnen sa benei kommen wurde as hjir. En wat te tinken fan belêstingfrij winkelje yn gesellige en folslein autofrije strjitsjes?

Mar op it hjoeddeiske Hilgelân bart safolle mear, tink oan it biologysk ûndersyksynstitút, fleanderij, de wynyndustry en sylregatta’s. Derneist hat Hilgelân, ea it ferbliuwplak fan de legindaryske kening Redbad, foar Friezen in bysûndere betsjutting. Der is in eigen Fryske taal besibbe oan dy fan ús en in rykdom oan tradysjes.

Wat it doel fan de reis ek is, dizze gids is der net by te missen!

Auteur: Tako P. R. de Jong ISBN: 9789082123777 Tal siden: 210 Taal: Frysk Utjouwer: Palisse Utfiering: paperback Kategory: , , , , .