Kategoryen

No products in the cart.

Reidhintsje op 'e Styx

Anne Feddema

12,50

Details



Anne Feddema (1961) debutearre yn 1997 mei de bondel ‘Slapstickiepenbierings’. Yn syn besprek yn Hjir skreau Piter Yedema dêroer: ‘Syn gedichten fine har oarsprong net yn in oanstriid om de bewende, persoanlik trochlibbe boarnen fan lyryk – de jeugd, de faam, de skientme – út te wurkjen… twads (komt) nei foaren dat er yn syn teksten rekkenskip ôflizze wol fan wat him út it ferline fan de westerske kultuer wei dwaande holden hat en noch hâldt … ik (sjoch) it debút fan Anne Feddema as wichtich, no faaks noch as fuotnoat by de Fryske lettren, mar yn potinsje liedend ta in net te kearen fernijing.’

 

Op grûn fan de ynhâld fan syn poëzy kin Feddema in mankelike absurdist neamd wurde. It meitsjen fan withoelfolle nijfoarmingen en gearkeppelingen en it brûken fan aparte, faak ek âldfrinzige wurden stimpelt him ta in boarter mei taal, in taalbouwer en dêrby hat er net allinne gefoel foar betsjutting, mar benammen ek foar klank en ritme.
Piter Yedema syn foarsizzing is trouwens útkommen. Dat wurdt bewiisd troch it feit dat Feddema de Fryske dichtkeunst yn 1999 fertsjintwurdige op Poetry International yn Rotterdam en troch de blomlêzing Dream yn blauwe reinjas út 2004 mei wurk fan in nije generaasje dichters. Hy is der sels promimint yn oanwêzich en syn ynfloed op oaren is ûnmiskenber.

 

Reidhintsje op ‘e Styx, 98 siden, Koperative Utjowerij

Relatearre produkten

De triennen fan Cheetah
Yn winkelwein
17,50
Op myn stjerbêd wol ik tate ha
Yn winkelwein
15,00
Yn winkelwein
15,00
Skún pútsers gúd - Audioboek
Yn winkelwein
12,00