Kategoryen

No products in the cart.

Poetic Potatoes/Poetry in Potato Bags

5,00

Details



Yn 2018 binne Ljouwert en Valletta, haadstêd fan Malta , de kulturele haadstêden fan Europa. Ljouwert en It Bilt hawwe al in relaasje mei Malta sûnt 1850. Alle jierren oan de ein fan septimber ferlitte de earste poatierappels It Bilt en geane se op de boat nei Malta.  Yn maart komme de nije ierappels, út it setguod groeid , deselde wei werom . Malta as Fryslân binne beide offisjeel twatalich en hawwe in grutte skat oan moderne en klassike poëzij . Dat late ta in literêr poëzijproject : in útwikseling fan Fryske en  Malteeske gedichten op de ierappelsekken dy’t hinne wer wer geane.

Dizze fjouwertalige bondel (Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk) mei njonken de gedichten, ek artikels en resepten, is it slútstik fan it fiif jier duorjende projekt Poetic Potatoes.

Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk, magazine, 100 siden, stichting De Bildse Aardappelweken