Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Pier - De profesije fan bline Simen

Willem Schoorstra

17,50 4,95

Net op foarried

Details



Fiifhûndert jier nei de dea fan Grutte Pier Gerlofs ferskynt no in magistrale roman oer syn libben, syn striid en syn tiid, sa likernôch oan de ein fan de midsieuwen. In perioade fol ramp en miswier, earmoed en strideraasje. Gaos hearsket, en op dat snijflak fan Alde en Nije tiid ferskynt yn in rûzige nacht de Wolfshûn, waans kommen foarsein is.

Yn sprankeljende taal sketst Willem Schoorstra (1959) it portret fan in man dy’t syn lot net ûntrinne kin, in lot dat beskreaun stiet yn de profesij fan in bline sjenner…

Nei Rêdbâd is Pier in twadde histoarysk masterwurk oer in ikoan út de Fryske skiednis. Dêrby wurde de midsieuwen yn al harren dwylsin en hertstocht ta libben roppen op in wize dy’t de lêzer net licht ferjitte sil.

Nominearre Rink van der Veldepriis 2016

 

Auteur: Willem Schoorstra ISBN: 9789033004940 Tal siden: 208 Taal: Frysk Utjouwer: Friese Pers Boekerij Utfiering: paperback Kategory: , , , .