Kategoryen

No products in the cart.

Opgong nei Sint Vitus

Anders Rozendal

16,00

Details



Yn ’e fierste fierte hie Dora Knapen net tinke kind dat har libben nochris faai stean soe yn in kâld, wiet en wynderich Fryslân.
Sa begjint dizze nije roman fan Anders M. Rozendal. Dora Knapen is in foars jongfrommes dy’t mear wol as it gewoane.
Om dy reden giet se by definsje oan ’e slach. Dêr hat Dora har slinger.
By oefenings docht se foar gjinien ûnder en efter it stjoer fan ’e Mercedes Benz 290 GD fielt se har hielendal teplak. Mei de útstjoering nei Uruzgan wol Dora sjen litte wat se werklik yn ’e marse hat. Mar yn Uruzgan nimt korporaal Knapen in ferkearde beslissing en moat se werom nei de boargermaatskippij. Earst giet dat goed, mar letter… PTSS, posttraumatyske stress-steuring is de diagnoaze fan de psychiaters.
Op in stuit reizget Dora nei Fryslân. Mei it opsykjen fan in âlde leafde hopet se har libben wer op ’e rit te krije

Frysk, ynbûn, 200 siden