Kategoryen

No products in the cart.

Mezen meitsje toch gjin rúzje?

Eppie Dam

13,50

Details



De skriuwer Anton Koolhaas is bekend wurden om syn bysûndere bisteferhalen. Yn bisteferhalen en fabels fan oare skriuwers binne bisten faak krekt minsken, en is it faak dúdlik dat de skriuwer de lêzers wat leare wol. Koolhaas skriuwt út ‘e bisten sels wei. Hy jout se wol minslike trekjes mei, mar hy lit se yn har eigen wrâld.

De ferhalen binne skreaun foar folwoeksenen, mar it hat bliken dien dat de toan en ynhâld ek jongeren tige oansprekke. Eppie Dam hat acht ferhalen oerset en bewurke foar dizze leeftydsgroep – wat oars net sizze wol dat dizze ferhalen net nijsgjirrich wêze soenen foar folwoeksenen.