Kategoryen

No products in the cart.

Man en mem

Elske Kampen

15,00

Details



Dichtbondel fan Elske Kampen mei byldzjend wurk fan de skriuwster. Earder ferskynden fan Elske Kampen de bondel Fan glês it brekken, dêr’t se yn 2012 de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút fan de trije foargeande jierren wûn én de Fedde Schurerpublykspriis. In dûbelslach, dêrnei wie de bondel ek noch nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.

De twatalige bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht mei full-colour kollaazjes fan de dichteresse wie nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2013.

Elske Kampen waard berne yn Burdaard yn 1955 en groeide op yn Burgum. Se folge de pedagogyske akademy en de learareoplieding tekenjen, dat lêste foaral om har eigen byldzjend wurk te ûntwikkeljen. Letter kaam dêr it skriuwen by. Sy folge poëzykursussen by Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries by Tresoar.

Neidat se trije kear in Rely Jorritsmapriis wûn hie, kaam yn 2010 har debútbondel Fan glês it brekken út. Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen.

 

Understeand in link nei twa gedichten út de bondel, foarlêzen troch Elske:
See en stien
As wurd ik in sirkel

Relatearre produkten

Poster - in mem foar altyd
Yn winkelwein
Nij
2,50
lytse prinsesse
Yn winkelwein
Nij
2,50
Set 'm op! Wy tinke oan dy!
Yn winkelwein
Nij
1,00
Ik hoopje datst dy gau wer wat better fiele silst...
Yn winkelwein
Nij
1,00