Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Lytse histoarje fan langst

Bennie Huisman

17,50 1,00

Details



It is ein jierren ’60. Guon fan Thomas syn leeftydsgenoaten swalkje “back-packend” om of se hawwe it drok mei seks, drugs en rock-en-roll. Sels is er yn oar farwetter bedarre. Hy is krekt troud en al heit en kostwinner. Mar hy is ek fol fan muzyk en der fêst fan oertsjûge dat him dêryn in moaie takomst wachtet.Yn dizze “Lytse histoarje fan langst” treffe we him goed tsien jier letter. Syn langst en driuw hawwe in spoar fan stikkene diggelkasten neilitten, dêr’t er mar leaver net mear nei sjen wol. Mar op it paad nei de dreamde takomst is de gong der aardich útrekke en as der immen stjert, dy’t der altyd foar him wie, dan wurdt er dochs troch it ferline op it skouder tikke.

Bennie Huisman (1947, It Hearrenfean) reizge yn ‘e eigen fuotprinten en skreau in roman oer leafde en dea, oer driuw en mislearring, oer skuld en fersoening. It is in ferhaal oer Thomas en syn wrakseling mei in ferline. In ferline, dat de skriuwer sels nei fjirtich jier ek net mei rêst lit.

Relatearre produkten

Nearnewâld
Yn winkelwein
Nij
24,50
Yn winkelwein
Nij
15,50
Ik hâld dy in bytsje langer fêst
Yn winkelwein
Nij
1,00
tankewol leave oppas
Yn winkelwein
Nij
1,00