Kategoryen

No products in the cart.

Kûgels foar Kant - Audioboek

Sietse de Vries

18,00

Details



Lústerboek

Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn ‘e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant.

Stapensea rekket sa fan him ûnder de yndruk dat er, as Benedictus fertocht wurdt fan in moard, oergiet ta sabotaazje fan syn eigen ûndersyk. Ûnderwilens dreamt syn frou Hester fan in nij libben fol aventoer. Har freonskip mei de direkteur fan soarchfersekerder De Frisia lûkt Stapensea, sûnder dat er it yn ‘e rekken hat, yn in nij web fan yntriges.

Foarlêzen troch Jan Schotanus

6 cd’s

Auteur: Sietse de Vries ISBN: 9789460380464 Taal: Frysk Utjouwer: Audiofrysk Kategory: , , , .