Kategoryen

No products in the cart.

Jan Sjoerdsma - Fjildman yn ieren en sinen

Hazenberg & de Winkel

15,00

Details



Jan Sjoerdsma – Fjildman yn ieren en sinen

By gelegenhied die Jan Sjoerdsma gauris it wurd oer de natuer. Planten en fûgels, hy koe der hiel wat oer fertelle.

Hy hat fan syn jongesjierren ôf yn de natuer omslein. Foar Fûgelwacht Grou hat er 24 jier bestjoerder west. Dêrby hat er de neisoarch, sa’t dy no dien wurdt, op poaten set. Mei grutte ynset hat hy by de BFVW en ferskate fûgelwachten dêr tekst en útlis oer jûn.
Doe’t er út it bestjoer fan de Fûgelwacht gie, is er beneamd ta earelid.

De aaisikersklup ‘De Mûzebiters’ mei al syn maten lei him nei oan it hert. Moaie ferhalen binne der fan oerbleaun. En wat te sizzen fan syn neisoarch yn de Wyldlannen. De fûgels en planten koenen him dêr. Jierre lang hat er de tellingen trochjûn oan it Fryske Gea.

Dit by elkoar opsteld wie oanlieding genôch foar de gearstallers om der foar te soargjen dat dit boek der kaam.

Frysk, ynbûn, 103 siden, Vorm J+F

Relatearre produkten

Yn winkelwein
25,00
Yn winkelwein
19,50