Kategoryen

No products in the cart.

It testamint fan Tonnema

Gooitzen Monsma

16,00

Details



Yn it postfakje ‘wurdt ophelle’ leit it troch Wytse typte testamint fan Tonnema. Dy wennet justjes fierder as it postkantoar dêr’t Wytse hinne moat. Mei de bêste bedoelingen nimt er it testamint mei om it te besoargjen. By Tonnema is net ien thús, dochs lit Wytse it testamint troch de brievebus glide en dêrmei begjint foar him de ellinde. Syn domme died sil him de jierren, salang’t er by de notaris wurket, yn ‘e besnijing hawwe. Syn relaasje mei de notaris komt hieltyd mear op skerp te stean. Dêr stiet foaroer dat de frou fan de notaris hieltyd mear begien is mei Wytse en foar him spesjale gefoelens kriget.

Yn dizze debútroman fan Gooitzen Monsma wikselje humor en earnst elkoar ôf as sinneskynwaar en tongerbuien.

ISBN: 9789491971143 Tal siden: 208 Taal: Frysk Utjouwer: KFFB Utfiering: paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten