Kategoryen

No products in the cart.

It sil jin mar oerkomme

Romke Grijpstra

10,00

Details



It sil jin mar oerkomme, njoggende printinge

In berjocht yn ‘e krante. In pear rigels. In slim ûngefal. Immen swier ferwûne, immen omkaam.
Yn dit boek ha ik besocht om wat mear te sizzen oer oanlieding en gefolgen. It binne 60 bjusterbaarlike ferhalen dy’t foar in grut diel humoristys en foar in diel tryst binne, in oare kear geane se oer list en bedroch. Yn in tal saken komt in advokaat der wat minder goed ôf. Dat byld is lykwols net bepalend foar de advokatuer.

De kearn fan elk ferhaal is wier. Alle namen binne fingearre, útsein dy fan de leden fan it keatsbestjoer, fan Martens, myn doetiidse baas, fan Leo út Basel, fan Pieter, de ekspert en fan Dieuwke fan de resepsje.Ien persoan ha ik frege oft ik syn gefal, Fiskmaten, beskriuwe mocht mei it brûken fan de nammen. Dat mocht. Komt it dochs foar dat in namme yn werklikheid kloppet, dan is it kleare tafal.

Fjirtich jier ha ik letselskeabehanneler west yn Ljouwert en ha ik mij foarhâlden, dat ik de slimme ûngefallen net meinimme soe nei hûs. Nei myn pesjonearring kamen dochs ferskate saken boppe driuwen. Sa njokelytsen bin ik doe begûn te skriuwen.
Dit boek is ek skreaun as neitins oan soan Wycher Teade dy ‘t op 4-1-1983 in needlottich ûngefal oerkaam.

Ik ha mij safolle mooglik hâlden oan de sprektaal en ha dêrom inkele wurden yn de skriuwwize oanpast, sa as (hjir), joed (hjoed), tsjoege (tsjûge), jest (hjerst), iuw (ieu), beweeglik (beweechlik), hij ryd (rydt).

Jelsum, 2016

ISBN:: 9789090236407 Taal:: Frysk Utfiering:: paperback

Relatearre produkten

No komt it noch
Yn winkelwein
15,00
Grutte Pier - Krús fan de Hollanner
Read more
14,95