Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

It libben fan in oar

Jetske Bilker

25,00 17,50

Net op foarried

Details



It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Hy stoppet mei syn proefskrift oer de njoggentjinde-ieuske Fryske dichter Boate Annes de Vries en begjint oan in biografy, dy’t in bestseller wurde moat, oer in noch springlibbene operasjongeres. Net elkenien is lokkich mei syn kar: syn partner Martsje, learares Dúts oan in middelbere skoalle, sjocht har dreamde takomst mei rykdom en wolfeart yn reek opgean. En de operasjongeres wol net goed meiwurkje omdat se har priveelibben net oan Johan kwyt wol. In roman oer wat leugens binne en wat “werkelikheid” wêze mei, dy’t útrint op de fraach yn hoefierre men in oar minsk kenne kin.

Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de RU yn Grins. Yn 1988 debutearre se mei de roman Imitaasjelear, dêr’t se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. In nacht fan hûs (1997) wie har twadde boek. Yn 2004 skreau se it Fryske boekewikegeskink Oar plak oare tiid, dat ek yn it Nederlâns oerset waard.

 

Nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015

Relatearre produkten

In oare wei
Yn winkelwein
Nij
17,50
As ik letter grut bin
Yn winkelwein
Nij
12,50
Nearnewâld
Yn winkelwein
Nij
24,50
Yn winkelwein
Nij
15,50