Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

It himelsk oerwurk

Durk van der Ploeg

24,95 9,90

Details



Mei It himelsk oerwurk weaget Durk van der Ploeg him oan in nij sjenre yn syn dochs al ryk oeuvre:dat fan de romantisearre biografy. It boek giet oer it libben fan Arjen Roelofs (1754-1828) fan Hijum, de ferneamde amateur-stjerrekundige. Yn prachtige taal beskriuwt Van der Ploeg de wrakseling fan Arjen en syn bruorren om mear kennis fan de stjerre- en planetewrâld, it ‘himelsk oerwurk’, te bemasterjen. De negative hâlding fan heit Roelofs makket syn ûndersyk betiden ûnmooglik. Heit fynt it wichtiger dat syn soannen de kost fertsjinje as boer. Arjen Roelofs kriget troch syn stúdzje kontakt mei belangrike wittenskippers. Nei de Frânske tiid ûntfangt er fan kening Willem I de earfolle opdracht om de grutste teleskopen ea te bouwen yn ‘e mande mei Sieds Jehannes Rienks. Sa wurkje se jierren oan in ûnwittend grut projekt, oan sis mar de Hubble fan de njoggentjinde ieu…

 

Nei Foarby it Boarkumer fjoer (2002) en De sniewinter (2003) is It himelsk oerwurk op ‘e nij in magistraal hichtepunt yn it literêre wurk fan Durk van der Ploeg, in monumint foar de ‘boereprofessors’ fan de achttjinde en njoggentjinde ieu. It himelsk oerwurk, mei hurde kaft en stofomslach, telt 512 siden.

Relatearre produkten

Leeuwarden gezien...
Yn winkelwein
Nij
15,00
De Klaine Prîns
Yn winkelwein
Nij
19,50
heit en mem
Yn winkelwein
Nij
0,00
De Fryske Utopy
Yn winkelwein
Nij
15,00