Kategoryen

No products in the cart.

It boekje 'Sipke sil sile' & makedo ark (bouwe mei karton)

Lida Dykstra

20,50

Details



It boekje Sipke sil sile en Makedo ark no €20,50!

Sipke sil sile.
Pake Piermûs giet moarns betiid fuort om te silen. Syn pakesizzer Sipke mei net mei. Dêrom bout Sipke tegearre mei Hotske Hazze sels in boatsje fan hout en in lekken fan ‘e waskline. Mar de hurde wyn blaast har rjocht op it skûtsjesilen ôf!
– Twatalich boekje: Frysk en Nederlânsk

Makedo boartersguodark
Mei it ark kinst fan karton objekten bouwe! Dus smyt de doazen net by it âld papier, mar meitsje in boat, in fleantúch, alles is mooglik!

 

———————————–

Meitsje dyn eigen boatsje en win!!

Sipke út it boekje ‘Sipke sil sile’ wol graach in boatsje bouwe. Kinsto him dêrby helpe?

Bisto 12 jier of jonger? Wolsto graach dyn eigen boat betinke, meitsje, knippe, plakke en/of kleurje? Ja? Dan sykje wy dy!

Bring dyn boatsje foar 1 septimber nei de Afûk en meitsje trije kear kâns op it boekje ‘Sipke sil sile’. De winner fan de earste priis kriget ek nochris in Makedo ark derby. Alle boatsjes dy’t jim meitsje sette wy yn ús etalaazje.

Skip Ahoy!

————————————

 

Auteur: Lida Dykstra ISBN: 9789047626855 Tal siden: 30 Taal: Frysk, Nederlands Utjouwer: Afûk Utfiering: ynbûn Kategory: , , , , .