Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Hûnewacht

Simon Oosting

15,00 2,50

Details



“By it skriuwen fan dizze bondel haw ik minder wraksele mei de foarm as yn eardere gedichten. Ik moat frij oan in gedicht begjinne kinne, wit ik no, oars wurdt it neat. Myn fersen hawwe ek hast allegear in byld as basis. By in protte fersen heart dan ek in skilderij dat faak parallel oan it fers ûntstiet. Dat byld haw ik earne yn my en hoecht net perfoarst op doek te kommen, mar it helpt wol.”

“Elemintêre, om net te sizzen argetypyske saken foarmje myn wichtichste tematyk. It wurd ‘argetype’ is ek wichtich yn myn wittenskiplik wurk. De kearn fine yn it deistige gean en kommen, it werkenbre oantsjutte yn it bysûndere en it bysûndere yn it werkenbre, dat komt hieltyd wer boppe driuwen yn myn dichtwurk. It earste skift fan dizze bondel hat as titel ‘toatems’. Dy toatems ferbine in ‘clan’, in famylje en de foarâlden mei de libbenen. Dat skift hat alles te krijen mei de dea fan ús heit. It twadde skift, ‘de elegiën’, giet oer dingen dy’t wichtich binne, mar ferlern gongen binne, it tredde skift, ‘it sinjaal de tekens’, hannelet oer de needsaak om te bewegen. En yn it fjirde skift, ‘nomade te stee’, komme it statyske en de dynamyk by inoar.”

Simon Oosting (1959, Skarsterbrêge) debutearre as dichter yn de Moanne mei it fers ‘Midsimmer’ en publisearre neist de Moanne ek yn Hjir. Yn 2004 krige er foar syn gedichtesyklus ‘Yn ‘t foarbygean’ de Rely Jorritsma-priis takend. Yn boekfoarm debutearre er yn 2007 mei de dichtbondel ‘Rauwe fisken op wynfearwolkens’ dêr’t him in jier letter de Fedde Schurer publykspriis foar takend waard. Neist it skriuwen fan proaza en poëzij hâldt Oosting him oan de universiteit fan Wageningen dwaande mei de Tropyske feehâlderij by de ôfdieling dierwittenskippen.

Ut de resinsje fan Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant fan 26 april 2013:
Simon Oosting hat mei “Hûnewacht” in útsûnderlik moaie bondel skreaun. Dit joech de âld kaptein nei syn weireitsjen, de nije roergonger noch mei út it foarbije: “wês de man dêr’t nei útsjoen wurdt”. As hie er it ek oer de dichter.

Jelle van der Meulen – Friese literatuursite:

Simon Oosting – Hûnewacht. (2012)

Dierwetenschapper Oosting (1959) komt na zijn positief ontvangen debuutbundel in 2007 (bekroond met de Fedde Schurerprijs) met een nieuwe, geslaagde bundel gedichten. Net als in de eerste bundel zijn het zeer gevarieerde gedichten. De dichter maakt duidelijk werk van de vorm van de vrije gedichten; het drieluik over de ‘marathondag’ in New York bestaat bijvoorbeeld uit prozagedichten. Regelmatig ook speelt de dichter met klanken; zo staan in menig gedicht herhalingen en binnenrijm. Maar vooral is Oosting weer heel sterk in het schetsen van beelden. In de titelcyclus ‘hûnewacht’ uit het eerste deel van de bundel worden de acht glazen (halfuren) van de hondenwacht (een scheepswacht van middernacht tot vier uur ‘s ochtends) beschreven, maar het is vooral een zoektocht naar de herinnering aan een van ‘degenen die door de deur gingen en niet terug kwamen’.

De titels van de andere drie afdelingen, zijn veelzeggend. Ze vatten het wezen van deze bundel samen waarin de dichter slaagt om belangrijke dingen van het leven te beschrijven. Zo roept hij in het tweede deel, ‘de elegiën’, onder andere het verleden op: ‘ik seach wat al yn oertiid ferjitten wie’. Prachtig in dat deel is de cyclus van vier gedichten ‘angelus’, met onder andere de regels ‘(…) no ‘t de nacht dellein is en / de jûn ferjitten haw ik dichter fan de donkere oeren de grutte dingen / wol wer sein (…)’. Het derde deel, ‘it sinjaal de tekens’, opent met het zes bladzijden tellende drieluik waarin de ik-figuur een ‘onverbiddelijk’ signaal krijgt om op pad te gaan en vervolgens als een ware Odysseus over zeeën en door woestijnen en steden tien jaar onderweg is voor hem de betekenis van het signaal duidelijk wordt. En dan: ‘hy wol werom /mar fernimt syn fersin oerwint / en fart troch (…)’.

Het laatste deel laat, ook in zijn paradoxale titel ‘nomade te stee’, een dilemma zien waar je voor geplaatst kan worden: op je plaats blijven of op pad gaan. De dichter lijkt in het laatste gedicht, ‘Sitte oan é grêft’ een keus te maken, maar dat is een te gemakkelijke conclusie en waarschijnlijk slechts een keus voor het moment: ‘as wy stil sitten bliuwe / stil sitte dan kin ik bliuwe (…)’. Deze gedichten dienen aandachtig gelezen en vooral herlezen te worden, en dan zal blijken dat ze heel wat in beweging zetten.

Relatearre produkten

Poster - in mem foar altyd
Yn winkelwein
Nij
2,50
lytse prinsesse
Yn winkelwein
Nij
2,50
Set 'm op! Wy tinke oan dy!
Yn winkelwein
Nij
1,00
Ik hoopje datst dy gau wer wat better fiele silst...
Yn winkelwein
Nij
1,00