Kategoryen

No products in the cart.

Eksamenjier

Sjieuwe Borger

15,00

Details



As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas? Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe met Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen.

Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2055 mei de roman It ferrin fan de tiid dêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoar en yn 2011 Simmer oan ‘e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan nei’t syn ferkearing yn Grins útskuord is.De romans spylje allegearre yn it akademysk fermidden.

Mei de roman Eksamenjier slacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriiuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

 

Eksamenjier, Paperback

Skriuwer: Sjieuwe Borger

Tal siden : 168

ISBN : 9789074516167

Utjouwer : Hispel