Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

De Traveliers - In flitsend hûntsje

Anny de Jong

12,50 2,50

Details



It duorret in ivichheid foar’t Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: Sweep is fuort.’ Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. ‘Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy der noch?’ Hugh skodhollet. ‘Dan is der dus net mei Swan oan it gekjeien. Wy geane it fjild oer om te sykjen. Miskien leit er wol ergens oars.’ Hugh sjocht syn mem bang oan. ‘Dat leaut mem sels net. Sweep giet noait, noait by de auto wei!’De Traveliers, in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ‘e hoeke leit.