Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

De spion - Fryske edysje

Paulo Coelho

18,99 12,50

Details



Mata Hari – har iennichste misdie wie dat hja in frije en ûnôfhinklike frou wie

De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens.

Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst as dûnseres, har yntime omgong mei heechpleatste militêren en politisy dy’t har úteinlik op in beskuldiging fan spionaazje en heechferried kaam te stean. It is it ferhaal fan in frou dy’t de moed hie om harsels te befrijen fan it moralisme en it bekrompen boargerfatsoen fan it begjin fan de tweintichste iuw.

Unskuldich? Miskien is dat net it goeie wurd. Unskuldich haw ik noait west, sûnt ik in foet sette yn dizze stêd dêr’t ik sa fan hâld. Ik miende dat ik dyjingen dy’t my steatsgeheimen ûntfytmanje woene, manipulearje koe. Ik miende dat Dútsers, Frânsen, Ingelsen, Spanjoalen nea wjerstân biede soene tsjin myn persoan – mar úteinlik wie ik dejinge dy’t manipulearre waard

Paulo Coelho is in wrâldferneamd skriuwer. Hy is de skriuwer mei de measte folgers op social media. Fan syn boeken, dy’t ferskine yn mear as 170 lannen en 81 talen, binne rûnom op de wrâld goed 210 miljoen eksimplaren ferkocht.

Auteur: Paulo Coelho Oersetter: Jantsje Post, Jetske Bilker ISBN: 9789029523691 Tal siden: 170 Taal: Frysk Utjouwer: Afûk, Arbeiderspers Utfiering: ynbûn Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten