Kategoryen

No products in the cart.

De smaak fan alsem

Anders Rozendal

16,00

Details



Somtiden is it libben bitter as alsem. Dat ûnderfine de trije haadfigueren fan dizze roman ek. No kin men sizze dat Date Veenstra dat oan himsels te witen hat. De lju sjogge him bytiden troch Akkrum bongeljen. Suterich yn ’e klean en altyd in frjemde rook om him hinne. Dêrtroch mije de minsken Date. Of stekke him de gek oan. Dat giet oant safier. Date beslút in die te stellen dêr’t noch lang oer praat wurde sil.

Leonard Kortekaas hat oare problemen. Fol idealisme set er him, as lieder fan in aksjegroep, yn om jonge bern in better libben te besoargjen. Dreech wurk, Leonard hat no ienkear gjin liederskapasiteiten. As er in freondinne kriget, wurket dat like heilsum as alsemtee. Leonard kin it libben oan. Mar dan komt der in kear!

Foar Jair wie it libben licht. Goed, hy wie net ryk, mar hy, de frou en de bern wienen sûn. En is dat net de grutste rykdom? En wat wenne er prachtich oan ’e lytse wadi yn it Tibesti-berchlân. Op itselde plak dêr’t syn foarâlden al ieuwen taholden. Dêr hope Jair âld te wurden. Mar as de ‘dei fan de Satan’ kommen is, ferlit er foarfaars grûn en flechtet nei Europa. Wa kin dan de smert fan him en syn húsgenoaten draachlik meitsje?