Kategoryen

No products in the cart.

De Sjamaan Fan Ealawier

Anders Rozendal

16,00

Details



Ealawier, wat stelt it eins foar: in lichte ferheging yn it lânskip, begroeid mei wat snústerige beammen en dêrnjonken twa pleatsen en trije huzen. In stille en fredige oarde, al spilet der ûnderhûds wol it ien en oar. Wat hat dizze buorskip te krijen mei de driging dy’t út de ûneinige romte op de ierde ôfkomt?

Der komt in frjemdling, in Aziaat, dy’t him yn it boskje op de terp nei wenjen set. Yn in tinte. Op himsels nuveraardich, de terp is gjin camping. Wêrom gedoocht de gemeente dat? De nijkommeling hat amper gedoente mei de buorskip en sit hiele dagen lûdop te bidden. In mystyk persoan mids nofteren klaaifolk.

Past soks wol? Wat moatte de Ealawiersters mei dizze frjemdling? Guon miene dat se de gek mei him hawwe kinne. By oaren leit dat oars: sy komme yn ‘e besnijing fan de man en syn smeekbeaen. Mar wat bidt er, en oan wa binne syn beaen rjochte?