Kategoryen

No products in the cart.

De oerwinnings fan Tido Houtsma

Thys Wadman

14,95

Details



Bern wêze, dat liket sa leuk en sa maklik, mar it falt faak wier net ta. Der is altyd wol wat en Tido hat it der bytiden mar dreech mei. Want de dingen rinne by him gauris hiel oars as dat er earst tocht hie. Op skoalle, mei de bern út ‘e klas, of thús, mei syn heit en mem. Of op strjitte, mei syn freonen of as er nei muzykles moat. Meastentiids kin Tido der sels ek neat oan dwaan dat it allegearre oars rint. ‘As ik it net dwaan kin sa’t it moat, dan doch ik it dochs mar,’ seit er dan. En soms slagget dat! Dan is it in oerwinning. Mar ek as it hielendal misrint, dan kinst dat dochs noch wol in oerwinning neame. Ast wolst. Fynt Tido.

 

Winner fan de Simke Kloosterman Priis 2013.
De sjuery skriuwt yn in koarte typearring: Ynlibjend skreaun, ticht op ‘e hûd fan bern. Sterke analyze fan de wrâld. Moaie spanningsopbou, mei gefoel foar humor.
De Simke Kloostermanpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt foar it beste oarspronklik Fryske berne- of jeugdboek.

Relatearre produkten