De lêste halte
Simen Oetie
€14,00
Details
Yn De lêste halte lêst fotograaf Meindert Minnema dat syn omke ûnder fertochte omstannichheden ferstoarn is. Hy besiket nei te gean wat der bard is. Yn de fjirtjin dagen dêr’t er ferslach fan docht, wurdt syn identiteit ûndermine yn net foarsjoene foarfallen.
De lêste halte giet oer dea en leafde, weemoed en ferlakkerij. It is in psychologyske roman mei spanning en sensaasje. In boek fol skiednis, en tagelyk aktueel. Skriuwers en skilders figurearje, in pottebakster en in domina.
De lêste halte giet oer in alvestrjittetocht, mar is mear, it is in odyssee èn in oade oan Fryslân yninoar befrissele.
Simen Oetie is de skriuwersnamme fan S.E. de Jong. De lêste halte is yn romandebút.