Kategoryen

No products in the cart.

Nij

Byldsje Alvestêdetoerrider

Elizabeth Jonker

39,95

Clear

Details



Byldhouwer Elisabeth Jonker fan Ryptsjerk en har sakepartner Evert Wilstra meitsje in searje byldsjes fan karakteristike Fryske sporten. As earste is der no De Alvestêdetoerrider. It orizjineel fan brûns is sa’n 25 sm heech en fan dit byld binne lytsere ôfjitsels makke yn keunsthars. Dizze binne te keap yn twa kleuren: brûns en swart. De hichte is sa’n 15,5 sm en stiet op in stiennen sokkeltsje fan 7 x 7 sm. Op termyn folgje noch byldsjes fan it Skûtsjesilen, Fierljeppen en it Keatsen.

Elizabeth Jonker hâldt har nei har oplieding oan de Universiteit fan Grins al jierren dwaande mei it meitsjen fan brûnzen bylden op lyts formaat. Hichtepunt foar har wie it meitsjen fan in skulptuer foar de Rabo-organisaasje Nederland.

Auteur:: Elizabeth Jonker Kleur:: Brûns, Swart New label: : 1 Kategory: , , , .