{"id":12019,"date":"2019-01-24T13:42:26","date_gmt":"2019-01-24T12:42:26","guid":{"rendered":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/?page_id=12019"},"modified":"2019-01-24T13:42:26","modified_gmt":"2019-01-24T12:42:26","slug":"algemene-voorwaarden","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/","title":{"rendered":"Algemene voorwaarden"},"content":{"rendered":"<div class=\"std\">\n<p><strong>K\u00east 1 &#8211; Definysjes<\/strong><\/p>\n<p>Yn dizze betingsten wurdt ferstien \u00fbnder:<\/p>\n<ol>\n<li>Undernimmer: de natuerlike of rjochtspersoan dy\u2019t produkten en\/of tsjinsten op \u00f4fst\u00e2n oan konsuminten oanbiedt;<\/li>\n<li>Konsumint: de natuerlike persoan dy\u2019t net hannelet yn de \u00fatoefening fan in berop of bedriuw en in oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sl\u00fat mei de \u00fbndernimmer;<\/li>\n<li>Oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n: in oerienkomst w\u00earby\u2019t yn it ramt fan in troch de \u00fbndernimmer organisearre systeem foar ferkeap op \u00f4fst\u00e2n fan produkten en\/of tsjinsten oant en mei it sluten fan de oerienkomst inkeld en allinnich gebr\u00fbk makke wurdt fan ien of mear techniken foar kommunikaasje op \u00f4fst\u00e2n;<\/li>\n<li>Technyk foar kommunikaasje op \u00f4fst\u00e2n: middel dat br\u00fbkt wurde kin foar it sluten fan in oerienkomst, s\u00fbnder dat konsumint en \u00fbndernimmer tagelyk yn deselde romte byinoar binne;<\/li>\n<li>Betinktiid: de termyn w\u00earbinnen oft de konsumint gebr\u00fbk meitsje kin fan syn werroppingsrjocht;<\/li>\n<li>Werroppingsrjocht: de mooglikheid foar de konsumint om binnen de betinktiid \u00f4f te sjen fan de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n;<\/li>\n<li>Dei: kalinderdei;<\/li>\n<li>Doertransaksje: in oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n oangeande in rige produkten en\/of tsjinsten, w\u00earfan\u2019t de leverings- en\/of \u00f4fnameferplichting oer in bepaalde tiid \u00fatspraat is;<\/li>\n<li>Duorsume gegevensdrager: elk middel dat de konsumint of \u00fbndernimmer yn steat stelt om ynformaasje dy\u2019t persoanlik oan him rjochte is, op te slaan op in wize dy\u2019t takomstich rieplachtsjen en net-wizige reproduksje fan de opsleine ynformaasje mooglik makket.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 2 &#8211; Identiteit fan de \u00fbndernimmer<\/strong><\/p>\n<p style=\"padding-left: 30px;\">Af\u00fbk<br \/>\nB\u00fbterhoeke 3<br \/>\n8911 DH Ljouwert<\/p>\n<p style=\"padding-left: 30px;\">Telefoan: (058) 234 30 70<br \/>\nE-mailadres: ynfo@afuk.nl<\/p>\n<p style=\"padding-left: 30px;\">KvK-n\u00fbmer: 41000904<br \/>\nBTW-identifikaasjen\u00fbmer: 0033.04.334.B.01.1279<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 3 &#8211; Tapaslikens<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>Dizze algemiene betingsten binne fan tapassing op elk oanbod fan de \u00fbndernimmer en op elke oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n dy\u2019t ta st\u00e2n kommen is tusken \u00fbndernimmer en konsumint.<\/li>\n<li>Foardat de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sletten wurdt, wurdt de tekst fan dizze algemiene betingsten oan de konsumint foarlein. As dat ridlikerwize net mooglik is, sil, foardat de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sletten wurdt, oanj\u00fbn wurde dat de algemiene betingsten by de \u00fbndernimmer ynsjoen wurde kinne en op fersyk fan de konsumint sa gau as mooglik en s\u00fbnder kosten tastjoerd wurde kinne.<\/li>\n<li>As de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n elektroanysk sletten wurdt, kin, yn \u00f4fwiking fan it foarige lid en foardat de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sletten wurdt, de tekst fan dizze algemiene betingsten fia de elektroanyske wei oan de konsumint foarlein wurde op in sadanige wize dat de algemiene betingsten troch de konsumint op in ienf\u00e2ldige manier opslein wurde kinne op in duorsume gegevensdrager. As dat ridlikerwize net mooglik is, sil, foardat de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sletten wurdt, oanj\u00fbn wurde w\u00ear\u2019t de algemiene betingsten fia de elektroanyske wei l\u00eazen wurde kinne en sil ek oanj\u00fbn wurde dat se op fersyk fan de konsumint fia de elektroanyske wei of op in oare wize en s\u00fbnder kosten tastjoerd wurde sille.<\/li>\n<li>Foar it gefal dat neist dizze algemiene betingsten ek noch spesifike produkt- of tsjinstbetingsten fan tapassing binne, binne it twadde en tredde lid oerienkomstich fan tapassing en kin de konsumint him yn gefal fan tsjinstridige algemiene betingsten hieltyd beroppe op de tapaslike bepaling dy\u2019t foar him it geunstichst is.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 4 &#8211; It oanbod<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>As in oanbod beheind jildich is of as der betingsten oan f\u00eastsitte, dan wurdt dat d\u00fadlik yn it oanbod neamd.<\/li>\n<li>It oanbod jout in folsleine en sekuere omskriuwing fan de produkten en\/of tsjinsten dy\u2019t oanbean wurde. De beskriuwing is gen\u00f4ch detaillearre om in goede beoardieling fan it oanbod troch de konsumint mooglik te meitsjen. As de \u00fbndernimmer gebr\u00fbk makket fan \u00f4fbyldings, dan is dat in sekuere werjefte fan de produkten en\/of tsjinsten dy\u2019t oanbean wurde. D\u00fadlike fersinnen of flaters yn it oanbod bine de \u00fbndernimmer lykwols net.<\/li>\n<li>Elk oanbod jout sadanige ynformaasje, dat it foar de konsumint d\u00fadlik is wat de rjochten en ferplichtings binne dy\u2019t oan it oannimmen fan it oanbod ferb\u00fbn binne. Dat slacht yn it bys\u00fbnder op:<\/li>\n<\/ol>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li>de priis ynklusyf belesting;<\/li>\n<li>de eventuele kosten fan \u00f4flevering;<\/li>\n<li>hoe\u2019t de oerienkomst ta st\u00e2n komme sil en watfoar hannelings d\u00earfoar nedich binne;<\/li>\n<li>it al of net fan tapassing w\u00eazen fan it werroppingsrjocht;<\/li>\n<li>de wize fan beteljen, \u00f4flevering of \u00fatfiering fan de oerienkomst;<\/li>\n<li>de termyn foar it oannimmen fan it oanbod of de termyn foar it neikommen fan de priis;<\/li>\n<li>de hichte fan it taryf foar kommunikaasje op \u00f4fst\u00e2n as de kosten fan it gebr\u00fbk fan de technyk foar kommunikaasje op \u00f4fst\u00e2n berekkene wurde op in oare gr\u00fbnslach as it basistaryf;<\/li>\n<li>hoe\u2019t de konsumint de oerienkomst as dy nei it ta st\u00e2n kommen argivearre wurdt, rieplachtsje kin;<\/li>\n<li>hoe\u2019t de konsumint foar it sluten fan de oerienkomst op \u2019e hichte komme kin fan net-winsklike hannelingen en fan hoe\u2019t er dy weromdraaie kin foardat de oerienkomst ta st\u00e2n komt;<\/li>\n<li>de eventuele talen d\u00ear\u2019t, njonken it Nederl\u00e2nsk, de oerienkomst yn sletten wurde kin;<\/li>\n<li>de gedrachskoades d\u00ear\u2019t de \u00fbndernimmer him oan \u00fbnderwurpen hat en hoe\u2019t de konsumint dy gedrachskoades fia de elektroanyske wei rieplachtsje kin; en<\/li>\n<li>de minimale doer fan de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n yn it gefal fan in oerienkomst mei it each op in trochgeande of periodike \u00f4flevering fan produkten of tsjinsten.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 5 &#8211; De oerienkomst<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>De oerienkomst komt, \u00fbnder foarbeh\u00e2ld fan it bepaalde yn lid 4, ta st\u00e2n op it momint dat de konsumint it oanbod oannimt en foldocht oan de betingsten dy\u2019t d\u00earby steld wurde.<\/li>\n<li>As de konsumint it oanbod fia de elektroanyske wei oannommen hat, bef\u00eastiget de \u00fbndernimmer fuortdaliks fia de elektroanyske wei de \u00fbntfangst fan it oannimmen fan it it oanbod. Salang\u2019t dy \u00fbntfangst net bef\u00eastige is, kin de konsumint de oerienkomst \u00fbntbine.<\/li>\n<li>As de oerienkomst elektroanysk ta st\u00e2n komt, nimt de \u00fbndernimmer passende technyske en organisatoaryske maatregels om de elektroanyske oerdracht fan data te befeiligjen en soarget er foar in feilige webomjouwing. As de konsumint elektroanysk betelje kin, sil de \u00fbndernimmer d\u00earta passende feilichheidsmaatregels yn acht nimme.<\/li>\n<li>De \u00fbndernimmer kin him \u2013 binnen wetlike kaders \u2013 derfan op \u2019e hichte stelle oft de konsumint oan syn betellingsferplichtings foldwaan kin, en fan alle feiten en faktoaren dy\u2019t fan belang binne foar in ferantwurde oangean fan de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n. As de \u00fbndernimmer op gr\u00fbn fan dat \u00fbndersyk goede redenen hat om de oerienkomst net oan te gean, hat er it rjocht om mei \u00fbnderbouwing in bestelling of oanfraach te wegerjen of oan de \u00fatfiering bys\u00fbndere betingsten te ferbinen.<\/li>\n<li>De \u00fbndernimmer sil mei it produkt of tsjinst oan de konsumint de neikommende ynformaasje meistjoere, skriftlik of op in sadanige wize dat dy troch de konsumint op in tagonklike manier opslein wurde kin op in duorsume gegevensdrager:<\/li>\n<\/ol>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li>it besykadres fan de f\u00eastiging fan de \u00fbndernimmer d\u00ear\u2019t de konsumint mei klachten terjochte kin;<\/li>\n<li>de betingsten w\u00ear\u00fbnder en hoe\u2019t de konsumint fan it werroppingsrjocht gebr\u00fbk meitsje kin of in d\u00fadlike melding yn ferb\u00e2n mei it \u00fatsletten w\u00eazen fan it werroppingsrjocht;<\/li>\n<li>ynformaasje oer de besteande service nei oankeap en oer gar\u00e2nsjes;<\/li>\n<li>de yn k\u00east 4 lid 3 fan dizze betingsten opnommen gegevens, of it moat w\u00eaze dat de \u00fbndernimmer dy gegevens al oan de konsumint j\u00fbn hat f\u00f3\u00e1r it \u00fatfieren fan de oerienkomst;<\/li>\n<li>de easken yn ferb\u00e2n mei it opsizzen fan de oerienkomst as de oerienkomst mear as ien jier duorret of in \u00fbnbepaalde tiid duorret.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<ol>\n<li>As de \u00fbndernimmer him ferplichte hat ta it leverjen fan in rige produkten of tsjinsten, is de bepaling yn it foarige lid allinnich fan tapassing op de earste levering.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 6a &#8211; Werroppingsrjocht by levering fan produkten<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>By it oankeapjen fan produkten hat de konsumint de mooglikheid om de oerienkomst s\u00e2n wurkdagen lang s\u00fbnder opjefte fan reden te \u00fbntbinen. Dy termyn giet yn op de dei nei \u00fbntfangst fan it produkt troch of \u00fat namme fan de konsumint.<\/li>\n<li>Binnen dy termyn sil de konsumint sekuer omgean mei it produkt en de ferpakking. Hy sil it produkt inkeld sa \u00fatpakke of br\u00fbke foarsafier\u2019t dat nedich is om beoardielje te kinnen oft er it produkt h\u00e2lde wol. As er fan syn werroppingsrjocht gebr\u00fbk makket, sil er it produkt mei alle tabehearren dy\u2019t derby levere binne en \u2013 as dat ridlikerwize mooglik is &#8211; yn de orizjinele steat en ferpakking nei de \u00fbndernimmer weromstjoere, konform de ridlike en d\u00fadlike ynstruksjes troch de \u00fbndernimmer.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 6b &#8211; Werroppingsrjocht by levering fan tsjinsten<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>By levering fan tsjinsten hat de konsumint de mooglikheid om de oerienkomst s\u00e2n wurkdagen lang s\u00fbnder opjefte fan reden te \u00fbntbinen, yngeande op de dei dat de oerienkomst oangien is.<\/li>\n<li>Om gebr\u00fbk te meitsjen fan syn werroppingsrjocht sil de konsumint him h\u00e2lde oan de ridlike en d\u00fadlike ynstruksjes dy\u2019t er fan de \u00fbndernimmer by it oanbod en\/of uterlik by it leverjen fan de tsjinsten krigen hat.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 7 &#8211; Kosten yn gefal fan werropping<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>As de konsumint gebr\u00fbk makket fan syn werroppingsrjocht, komme allinnich de kosten fan it weromstjoeren foar syn rekken.<\/li>\n<li>As de konsumint al in bedrach betelle hat, sil de \u00fbndernimmer dat bedrach sa gau mooglik, mar wol uterlik binnen tritich dagen nei it weromstjoeren of it werroppen, werombetelje.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 8 &#8211; Utsluting werroppingsrjocht<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>As de konsumint gjin werroppingsrjocht hat, kin dat troch de \u00fbndernimmer allinnich \u00fatsletten wurde as er dat yn it oanbod, alteast yntiids foar it sluten fan de oerienkomst, d\u00fadlik oanj\u00fbn hat.<\/li>\n<li>Utsluting fan it werroppingsrjocht is allinnich mooglik by produkten:<\/li>\n<\/ol>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li>dy\u2019t troch de \u00fbndernimmer ta st\u00e2n brocht binne neffens spesifikaasjes fan de konsumint;<\/li>\n<li>dy\u2019t d\u00fadlik persoanlik fan aard binne;<\/li>\n<li>dy\u2019t fanwege harren aard net weromstjoerd wurde kinne;<\/li>\n<li>dy\u2019t gau fer\u00e2lderje kinne;<\/li>\n<li>w\u00earfan\u2019t de priis b\u00fbn is oan skommelings op de finansjele merk d\u00ear\u2019t de \u00fbndernimmer gjin ynfloed op hat;<\/li>\n<li>w\u00earfan\u2019t mei de levering mei \u00fatdruklike ynstimming fan de konsumint \u00fateinset is foardat de betinktiid om wie;<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<ol>\n<li>Utsluting fan it werroppingsrjocht is allinnich mooglik by tsjinsten:<\/li>\n<\/ol>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li>yn ferb\u00e2n mei sliepplak, ferfier, restaurantbedriuw of frijetiidsbesteging te dwaan op in bepaalde dei of yn in bepaalde perioade;<\/li>\n<li>w\u00earfan\u2019t mei de levering mei \u00fatdruklike ynstimming fan de konsumint \u00fateinset is foardat de betinktiid om wie;<\/li>\n<li>yn ferb\u00e2n mei weddenskippen en lotterijen.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 9 &#8211; De priis<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>Salang\u2019t de jildichheid dy\u2019t yn it oanbod neamd wurdt fan kr\u00eaft is wurde de prizen fan de produkten en\/of tsjinsten dy\u2019t oanbean wurde net ferhege, \u00fatsein priiswizigings fanwege feroarings yn de BTW-tariven.<\/li>\n<li>Yn \u00f4fwiking fan it foarige lid kin de \u00fbndernimmer produkten of tsjinsten w\u00earfan\u2019t de prizen b\u00fbn binne oan skommelings op de finansjele merk en d\u00ear\u2019t de \u00fbndernimmer gjin ynfloed op hat, mei fariabele prizen oanbiede. Dat b\u00fbn-w\u00eazen oan skommelings en it feit dat prizen dy\u2019t mooglik neamd binne rjochtprizen binne, wurde by it oanbod oanj\u00fbn.<\/li>\n<li>Priisferhegings binnen trije moanne nei it ta st\u00e2n kommen fan de oerienkomst binne allinnich tastien as se it gefolch binne fan wetlike regelings of bepalings.<\/li>\n<li>Priisferhegings nei trije moanne nei it ta st\u00e2n kommen fan de oerienkomst binne allinnich tastien as de \u00fbndernimmer dat betongen hat en:<\/li>\n<\/ol>\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li style=\"list-style-type: none;\">\n<ul>\n<li>dy it gefolch binne fan wetlike regelings of bepalings;<\/li>\n<li>of as de konsumint it foech hat om de oerienkomst op te sizzen tsjin de dei dat de priisferheging yngiet.<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<\/li>\n<\/ul>\n<ol>\n<li>De prizen dy\u2019t yn it oanbod fan produkten of tsjinsten neamd wurde binne ynklusyf BTW.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 10 &#8211; Konformiteit en gar\u00e2nsje<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>De \u00fbndernimmer stiet derfoar yn dat de produkten en\/of tsjinsten foldogge oan de oerienkomst, oan de spesifikaasjes dy\u2019t yn it oanbod neamd wurde, oan de ridlike easken fan deugdlikens en\/of br\u00fbkberens en oan de op de dei fan it ta st\u00e2n kommen fan de oerienkomst besteande wetlike bepalings en\/of oerheidsfoarskriften.<\/li>\n<li>In regeling dy\u2019t troch de \u00fbndernimmer, fabrikant of ymporteur as gar\u00e2nsje oanbean wurdt docht neat \u00f4f oan de rjochten en foarderings dy\u2019t de konsumint yn it gefal fan in tekoartkomming yn it neikommen fan de ferplichtings fan de \u00fbndernimmer tsjinoer de \u00fbndernimmer jilde litte kin op gr\u00fbn fan de wet en\/of de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 11 &#8211; Levering en \u00fatfiering<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>De \u00fbndernimmer sil de grutst mooglike soarchf\u00e2ldigens yn acht nimme by it yn \u00fbntfangst nimmen en \u00fatfieren fan bestellings fan produkten en by it beoardieljen fan oanfragen foar it ferlienen fan tsjinsten.<\/li>\n<li>As plak fan levering jildt it adres dat de konsumint oan it bedriuw trochj\u00fbn hat.<\/li>\n<li>Mei yn acht nimmen fan wat d\u00earoer yn k\u00east 4 fan dizze algemiene betingsten sein is, sil it bedriuw akseptearre bestellings mei faasje, mar uterlik binnen tritich dagen, de doar \u00fat dwaan, of der moat in langere leveringstermyn \u00f4fpraat w\u00eaze. As it besoargjen fertraging oprint of as in bestelling net of mar foar in part dien wurde kin, kriget de konsumint d\u00ear uterlik ien moanne neidat er de bestelling dien hat berjocht fan. De konsumint hat yn dat gefal it rjocht om de oerienkomst s\u00fbnder kosten te \u00fbntbinen en hy hat rjocht op eventuele skeafergoeding.<\/li>\n<li>Yn gefal fan \u00fbntbining konform it foarige lid sil de \u00fbndernimmer it bedrach dat de konsumint betelle hat sa gau mooglik, mar uterlik binnen tritich dagen nei \u00fbntbining, werombetelje.<\/li>\n<li>As bliken docht dat levering fan in besteld produkt net mooglik is, sil de \u00fbndernimmer him ynspanne om in ferfangend artikel oan te bieden. Uterlik by de besoarging sil op d\u00fadlike en begryplike wize sein wurde dat in ferfangend artikel levere wurdt. By ferfangende artikels kin it werroppingsrjocht net \u00fatsletten wurde. De kosten fan it weromstjoeren binne foar rekken fan de \u00fbndernimmer.<\/li>\n<li>It risiko op skansearring fan produkten en\/of produkten dy\u2019t misse leit, oant se by de konsumint besoarge binne, by de \u00fbndernimmer, of it moat w\u00eaze dat \u00fatdruklik wat oars oerienkommen is.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 12 &#8211; Doertransaksjes<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>De konsumint kin in oerienkomst dy\u2019t foar \u00fbnbepaalde tiid oangien is altyd opsizze mei yn acht nimmen fan d\u00earta oerienkommen opsizzingsregels en in opsistermyn fan op syn heechst ien moanne.<\/li>\n<li>In oerienkomst dy\u2019t foar in bepaalde tiid oangien is rint op syn heechst twa jier. As oerienkommen is dat by stilswijen fan de konsumint de oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n ferlinge wurde sil, sil de oerienkomst fuortset wurde as in oerienkomst foar \u00fbnbepaalde tiid en sil de opsistermyn nei it fuortsetten fan de oerienkomst net mear as ien moanne bedrage.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 13 &#8211; Beteljen<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>Foarsafier\u2019t net letter oerienkommen is moatte de bedraggen dy\u2019t de konsumint ferskuldige is betelle wurde binnen fjirtjin dagen nei it besoargjen fan it produkt\/de produkten of yn it gefal fan in oerienkomst ta it jaan fan in tsjinst, binnen fjirtjin dagen nei it \u00f4fjaan fan de stikken yn ferb\u00e2n mei de oerienkomst.<\/li>\n<li>By it ferkeapjen fan produkten oan konsuminten mei yn de algemiene betingsten noait in foar\u00fatbetelling fan mear as 50% betongen wurde. Wannear\u2019t foar\u00fatbetelling betongen is, kin de konsumint gjin inkeld rjocht jilde litte oangeande it \u00fatfieren fan de oanbelangjende bestelling of tsjinst(en), foardat de foar\u00fatbetelling dy\u2019t betongen is dien is.<\/li>\n<li>De konsumint is ferplichte om \u00fbnkrektheden yn \u2019e betelgegevens dy\u2019t er \u00f4fj\u00fbn of oanj\u00fbn hat fuortdaliks oan de \u00fbndernimmer troch te jaan.<\/li>\n<li>Yn gefal fan wanbetelling troch de konsumint mei de \u00fbndernimmer, \u00fatsein wetlike beheinings, de ridlike kosten dy\u2019t foar\u00f4f oan de konsumint trochj\u00fbn binne yn rekken bringe.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 14 &#8211; Klachteregeling<\/strong><\/p>\n<ol>\n<li>De \u00fbndernimmer hat in klachteproseduere dy\u2019t sa goed as nedich is bekend makke is en behannelet de klacht d\u00earneffens.<\/li>\n<li>Klachten oer de \u00fatfiering fan de oerienkomst moatte binnen de krekte tiid, folslein en d\u00fadlik omskreaun yntsjinne wurde by de \u00fbndernimmer, neidat de konsumint de mankeminten konstatearre hat.<\/li>\n<li>Klachten dy\u2019t by de \u00fbndernimmer yntsjinne binne wurde binnen fjirtjin dagen, rekkene fan de datum fan \u00fbntfangst \u00f4f, be\u00e4ntwurde. As in klacht in langere ferwurkingstiid freget dy\u2019t te foarsjen is, reagearret de \u00fbndernimmer binnen dyselde fjirtjin dagen mei in berjocht fan \u00fbntfangst en in yndikaasje fan wannear\u2019t de konsumint in wiidweidiger antwurd ferwachtsje kin.<\/li>\n<\/ol>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><strong>K\u00east 15 &#8211; Oanfoljende of \u00f4fwikende bepalings<\/strong><\/p>\n<p>Oanfoljende bepalings of bepalings dy\u2019t fan dizze algemiene betingsten \u00f4fwike meie net yn it neidiel w\u00eaze fan de konsumint en moatte skriftlik f\u00eastlein wurde of op sa\u2019n wize dat se troch de konsumint op in tagonklike manier opslein wurde kinne op in duorsume gegevensdrager.<\/p>\n<\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>K\u00east 1 &#8211; Definysjes Yn dizze betingsten wurdt ferstien \u00fbnder: Undernimmer: de natuerlike of rjochtspersoan dy\u2019t produkten en\/of tsjinsten op \u00f4fst\u00e2n oan konsuminten oanbiedt; Konsumint: de natuerlike persoan dy\u2019t net hannelet yn de \u00fatoefening fan in berop of bedriuw en in oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sl\u00fat mei de \u00fbndernimmer; Oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n: in oerienkomst w\u00earby\u2019t yn [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"parent":0,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"class_list":["post-12019","page","type-page","status-publish","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.3 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"K\u00east 1 &#8211; Definysjes Yn dizze betingsten wurdt ferstien \u00fbnder: Undernimmer: de natuerlike of rjochtspersoan dy\u2019t produkten en\/of tsjinsten op \u00f4fst\u00e2n oan konsuminten oanbiedt; Konsumint: de natuerlike persoan dy\u2019t net hannelet yn de \u00fatoefening fan in berop of bedriuw en in oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sl\u00fat mei de \u00fbndernimmer; Oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n: in oerienkomst w\u00earby\u2019t yn [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Af\u00fbk Websjop\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Geschatte leestijd\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"14 minuten\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/algemene-voorwaarden\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/algemene-voorwaarden\\\/\",\"name\":\"Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/#website\"},\"datePublished\":\"2019-01-24T12:42:26+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/algemene-voorwaarden\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/algemene-voorwaarden\\\/\"]}]},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/algemene-voorwaarden\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Algemene voorwaarden\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/\",\"name\":\"Af\u00fbk Websjop\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/websjop.afuk.frl\\\/nl\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-NL\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop","og_description":"K\u00east 1 &#8211; Definysjes Yn dizze betingsten wurdt ferstien \u00fbnder: Undernimmer: de natuerlike of rjochtspersoan dy\u2019t produkten en\/of tsjinsten op \u00f4fst\u00e2n oan konsuminten oanbiedt; Konsumint: de natuerlike persoan dy\u2019t net hannelet yn de \u00fatoefening fan in berop of bedriuw en in oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n sl\u00fat mei de \u00fbndernimmer; Oerienkomst op \u00f4fst\u00e2n: in oerienkomst w\u00earby\u2019t yn [&hellip;]","og_url":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/","og_site_name":"Af\u00fbk Websjop","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Geschatte leestijd":"14 minuten"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/","url":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/","name":"Algemene voorwaarden &#8211; Af\u00fbk Websjop","isPartOf":{"@id":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/#website"},"datePublished":"2019-01-24T12:42:26+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/"]}]},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/algemene-voorwaarden\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Algemene voorwaarden"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/#website","url":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/","name":"Af\u00fbk Websjop","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-NL"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12019","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=12019"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12019\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":12020,"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12019\/revisions\/12020"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/websjop.afuk.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=12019"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}