Sân wylgen
Baukje Wytsma
€2,50
Uitverkocht
Details
Wat ik sjoen ha, ha ik net sjoenwat ik witten ha, ha ik noait witten.Mei lytse skokjes gliidzje ik tsjinde brekbere muorre fan de tiid.De wrakseling tusken ôfstân en bining, tsjin de eftergrûn fan har bestean op it Fryske plattelân, is in wichtich elemint dat trochklinkt yn de poëzij fan Baukje Wytsma. Yn har njoggende, mear tematyske dichtbondel Sân Wylgen stiet it libben yn in lytse mienskip sintraal. Werkenber tichtby, mar mei ferrassende fiergesichten.
Baukje Wytsma (Reduzum, 1946), aktyf yn de Fryske literatuer sûnt 1976 as berneboekeskriuwster en dichteres foar folwoeksenen. Ek skreau sy edukative tillevyzjeprogramma’s, kabaret, musicals en lietteksten foar cd’s foar in grut tal sjongers en sjongeressen yn Fryslân. Yn 2007 krige Baukje Wytsma de Fryske Anjer.