Categorieën

Pykje fjouwer

Lida Dykstra

14,95

Details



Tik tik tik.

Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije.

Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries: Kening fan ‘e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utjouwerij Afûk

ISBN: 9789492176455


Jeltje: “Pykje Fjouwer is in prachtich moai boek foar bern. Leeftiid makket net út. De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine. In dikke oanrieder foar elk bern!” Sjoch hjir de hiele resinsje fan Jeltje op heitenmem.nl.

Henny: “It boek fertelt oer de krêft fan freonskip, oer it op eigen fuotten stean, aventoeren belibje, fereale wurde, betrouwen hawwe… en lykas yn elts berneboek komt it altyd goed.” Sjoch hjir foar de hiele resinsje fan Henny op heitenmem.nl. 

Gerelateerde producten

Friese kaart over het voorjaar
In winkelmand
1,00
friese kaart voorjaar
In winkelmand
1,00
myn boeket
In winkelmand
1,00
Kuikentje Vier
In winkelmand
14,95