Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

It libben in dream

Simen Oetie

16,95

Details



“De minsken om him hinne sieten ek yn harren sels keard, hja swijden en wannear’t de eagen him skril mar wach as in hûn meunsteren, fielde er him mei harren ferbûn troch in fier ferline dêr’t er gjin aan fan hie, mar dat rûkte as pake syn piip. Doe seach er himsels yn in smook sweven, oplitten yn dizze reis. Heech yn it blau: koe in ballon iensum wêze? In bûle ivich pronkje? Romke ferfeelde him net mear by it rút, hy litte.”

It libben in dream nimt de lêzer mei yn in wûnderlik belibjen fan Romke, in gewoane jongen fan it plattelân. Romke dangelet om yn ‘e wrâld tichteby en aventoeret omfierrens. As fotograaf leit er it libben fêst. Hy hat idealen en in langstme nei leafde en freonskip.
De ferhalen hearre ta de reis- en leafdesliteratuer en binne bûntkleurich as it libben sels. In ûnferwachts en prachtich lûd yn de Fryske literatuer.

Simen Oetie is de Fryske skriuwersnamme fan Simen de Jong. Hy is berne yn Wânswert (doarp). Hy begûn pas nei it ferstjerren fan syn heit yn 2001 te skriuwen (E.S. de Jong, fan û.o. Romke en Romke dûkt ûnder) Earder ferskynden neist koarte ferhalen ûnder oare de parabel Een geur van verlangen en de romans De lêste halte en TWEE (mei Klaas Rusticus).

Gerelateerde producten

Sis my wa't ik bin
In winkelmand
Nieuw
7,90
Bûsboekje 2021
In winkelmand
Nieuw
7,50
Dingeman krijt wjukken
In winkelmand
Nieuw
15,00
Jesse
In winkelmand
Nieuw
14,99