Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

In libben fol moed

Herman Lubberts

20,00

Details



Mear as 50 jier nei it ferstjerren fan syn heit, dy’t stoar doe’t hy in lyts jonkje wie, giet Herman Lubberts op ‘e siik nei syn heit Willem Carel Lubberts.

Yn In libben fol moed beskriuwt Herman it bysûndere libben fan syn heit Willem. By syn berte wurdt Willem knoeid en dat sil yn fierdere libben bepale. Nettsjinsteande syn swiere lichaamlike handikap brûst hy fan libbensnocht en is hy fleurich fan aard. Fol moed docht hy mei yn it gewoane libben. Letter liedt hy in grutte buorkerij en is hiel aktyf yn tal fan organisaasjes.
As hy 35 jier is, komt hy ek op bysûndere wize oan de leafde fan syn libben. Se trouwe en krije bern. Mar dit lok duorret net lang. Fjouwer jier nei harren trouwen ferstjert Willem.

Neist in persoanlike famyljeskiednis jout dit boek in byld fan de tiid dêr’t Willem yn libbe. Want wat is der de ôfrûne iuw in soad feroare yn de maatskippij en op de buorkerij.

ISBN: 9789463650823 Pagina’s: 212 Taal: Frysk Uitgever: Elikser Uitvoering: paperback Categorie: , .

Gerelateerde producten