De Trettjinde asega
Oorspronkelijke prijs was: €15,00.€7,90Huidige prijs is: €7,90.
Details
Ruerd van der Zee, natoerkundestudint yn Berkeley, fynt oan de hân fan in âld stikje parkemint út dat de bekende Âldfryske sêge fan ’e tolve asega’s wolris mear wêze koe as in optocht ferhaaltsje. Tegearre mei syn faam yn Nederlân, Jikke Post, giet er op ’e sneup. It span fernimt al rillegau dat der triedden fan ’e midsiuwen nei hjoeddedei ta rinne en dat guon lju net sa wiis binne mei har gepinfisk en sels ree binne om geweld te brûken. Underwyls ûndersiket yn Mumbai de ienselvige Anand Singh, in agint fan ’e Yndyske geheime tsjinst, de moard op in ferneamd politikus en folget syn eigen spoar. Yn dizze thriller komme al dy linen byelkoar en wurdt de âlde sêge fan ’e tolve asega’s yn ferbân brocht mei hjoeddeiske tsjustere praktiken.
Utjouwerij Bornmeer
160 siden, paperback
ISBN: 9789056154417