Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

De oarloch fan Wadman - omnibus

Anne Wadman

5,00

Details



De Twadde Wrâldoarloch en dan benammen de oarloch en it ferset yn Fryslân ha troch de jierren hinne in grutte belangstelling fan de lêzer hân. Dat jildt ek foar de skriuwer Anne Wadman dy’t dizze tiid tige bewust meimakke. Yn Wadman syn literêre wurk komt de oarloch hieltyd op ‘e nij op ‘e hispel. De haadpersoanen yn syn romans en novellen binne gauris yntellektuelen dy’t har wat ôfsidich hâlde fan it echte oarlochsbarren en ferset oant sy dochs ferge wurde om in died te stellen. En dan docht bliken dat it heldedom mar foar in inkeldenien weilein is.

De titel fan it earste boek yn dizze omnibus, Kûgels foar in labbekak, is suver sprekwurdlik. ‘Fersetsheld op sokken’, sa portrettearre Wadman syn haadpersoan út dy roman ek wol. ‘Kûgels foar in labbekak en In bolle yn ‘e reak hearre ta it bêste wat Anne Wadman skreaun hat. De fearren fan de wikel is basearre op in wier barde skiednis. De oanslach op in jonge frou út in NSB-húshâlding late ta de eksekúsje fan fiif ûnskuldige boargers by Doanjum. Wadman komt yn dit boek mei in nijsgjirrige hypoteze oer de tadracht fan dit drama.

Author : Anne Wadman ISBN : 9789033008405 Pages : 336 Sale label : 1 Language : Frysk Publisher : Friese Pers Boekerij Categorie: , , , .

Gerelateerde producten

Anne Wadman
In winkelmand
19,95
In winkelmand
15,50
In winkelmand
Aanbieding
27,50 5,00