Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Aanbieding!
Aanbieding

De blauwe Loftfyts

Baukje Wytsma

10,90 2,50

Details

In bûnte optocht fan ferhaaltsjes. Wa komme der allegear foarby?

Wytske en Julia op de blauwe loftfyts, de ferkâlden Teunis Oaljefant, opskepper Omke Oppewal, de bretale boarre Elvis, de Deftige Dame mei de Hoed, Berta dy’t in pechdei hat, Koos mei syn pake dy’t útfiner is en noch folle, folle mear.
En wa rint fansels hielendal efteroan? Krekt, dat is muoike Oantsje mei de swi-swa-swaaibillen. Sy hat de measte wille fan allegear.

Moaie ferhaaltsjes om foar te lêzen of sels te lêzen fansels mei fleurige yllustraasjes fan Carla van der Heijde.

8+

 


Tante Tjits: “Sa binne der ferhalen oer bysûndere folwoeksenen (útfiners, keningen, opskeppers), hiele gewoane bern (mei in pechdei, in sprekbeurt, in bêste freondin) en nuvere bisten (dy ‘t soms wol hiel bot op minsken lykje). Grappige ferhalen, mar ek leave en serieuze ferhalen. En hjir en dêr ek noch in ferske.
Guon ferhalen hawwe in moai ôfrûne ein en der binne ek ferhalen by, dy ‘t my sels betinke litte hoe ‘t it no fierder giet: komt Margje noch op it toniel? Wêr fytse Julia en Wytske hinne mei har loftfyts? Komt it goed tusken Harry en Yfke? “De blauwe loftfyts” is echt in bûnte optocht fan ferhalen, en ik rin dêr graach in eintsje mei op!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tante Tjits.