It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!

No products in the cart.

Kategoryen

No products in the cart.

Wês net bang (mar wol foarsichtich)

Hanneke de Jong

8,50

In stock

Details

Wês net bang (mar wol foarsichtich)

Hanneke de Jong

Ynspirearre op de tv-searje Bosk

Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf.

Heit leit de hannen op har skouders. Hy sjocht har djip yn de eagen. O heit, leave, stoere heit! ‘Wês net bang,’ seit er, ‘mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.’ Se knikt. Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. ‘Gean no, wy hearre fan dy.’ ‘Goeie heit.’ Se krûpt him eefkes oan. ‘Dach leave dochter.’ Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.

It boek ‘Wês net bang’ fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As se dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy’t har helpe wolle? Sil se Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?

 

Utjouwerij Afûk

ISBN: 9789492176400

83 siden, paperback