Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Waling Dykstra - Set Gedichten en Proaza (2 dielen)

Waling Dykstra

39,95 15,00

Details



Oanbiedingsset: Gedichten en Proaza fan de Fryske folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914). Beide dielen binne besoarge troch Abe de Vries.

Diel 1: Gedichten

De ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer is tsjintwurdich wierskynlik dy fan Waling Dykstra (1821-1914). Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de meast resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde leittekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre – it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie – noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing is de earste út inkeld syn gedichten.

Diel 2: Proaza

Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) is ien fan de belangrykste Fryske ferhaleskriuwers fan de njoggentjinde iuw. Syn ferhalen geane oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn (noch altyd) werkenbere sitewaasjes. Hy hat der hûnderten skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen en lêzingen binne hjir opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is.

Author : Waling Dykstra ISBN : 9789081581899,9789082946888 Pages : 277-267 Sale label : 1 Language : Frysk Publisher : De Ryp Format : Ynbûn mei stofomslach Kategory: , , , , , .

Relatearre produkten

Joost Halbertsma
Yn winkelwein
55,00
Sate Humalda
Yn winkelwein
21,50
Yn winkelwein
22,50