Kategoryen

No products in the cart.

Wâldman

Tjibbe Hooghiemstra

18,95

Details

Boek by de multy mediale útstalling ‘Wâldman’ fan Tjibbe Hooghiemstra (Tytsjerk, 1957). De keunster is hikke en tein yn de Fryske Wâlden. Hy wenne dêr mear as fjirtich jier. Fan  2014 t/m 2018 wurke er oan in searje tekeningen, foto’s en skilderijen, dy’t it gebiet en syn bewenners as ûnderwerp ha. Hooghiemstra reagearret yn dit persoanlike projekt net allinne op de natoer, mar ek op de it  aard fan de Wâlden.

Hy lit de kearside sjen fan de ‘mienskip’. Dat komt ûnder mear ta utering yn in searje tekeningen basearre op in plak delikt-plysjefoto út de santiger jierren en yn wurken mei as tema’s mishanneling en rasisme. ‘In krityske echo’, sa omskriuwt de keunstner syn projekt. Hy hâldt fan it lânskip út syn jeugd, mar hy hat muoite mei de mentaliteit fan bepaalde streekbewenners: ‘Oer guon earnstige saken wurdt net praten. Se draaie harren om en dogge oft it der net is. Dêr ha ik in hekel oan.

Dizze ryk yllustrearre katalogus is yn full color en befettet 84 ôfbyldings. De teksten binne fan Tsead Bruinja, Nyk de Vries en Douwe Kootstra. It boek is fiiftalich (Nederlânsk, Frysk, Dútsk, Ingelsk en Japansk), omdat de útstalling ek te sjen wêze sil yn Keulen, Belfast, Dublin en Tokyo.

 

ISBN : 978 90 801106 0 1 Author : Tjibbe Hooghiemstra Pages : 160 Language : Duits, Engels, Frysk, Japans, Nederlands Format : paperback Publisher : museum Belvédère Kategory: , , .