The Hill We Climb - De hichte beklimme wy
Amanda Gorman
€10,00
Details
It wie noch gjin twa wike lyn dat yn Washington DC it Kapitoal bestoarme waard troch minsken dy’t it net leauwe woene dat Trump de ferkiezingen ferlern hie, doe’t by de ynhuldiging fan Joe Biden in dichteres opstie dy’t in boadskip hie fan fersoening mei it ferline en fan hoop foar de takomst. Wat makke de foardracht fan The Hill We Climb in yndruk, net allinne yn Amearika mar troch de hiele wrâld, Fryslân net útsûndere.
De hichte beklimme wy is de Fryske oersetting fan The Hill We Climb, it spoken-word-fers dat Amanda Gorman foardroech by de ynauguraasje fan Biden yn jannewaris 2021. De Fryske oersetting is fan Friduwih Riemersma, mei Michelle Samba as kulturele meilêzer. Riemersma waard foar de oersetting frege troch de Provinsje Fryslân.
De hichte beklimme wy is útjûn yn in twatalige lúkse útjefte mei in foaropwurd fan Oprah Winfrey en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.