No products in the cart.

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Skoare by FC Top

Jelle Bangma

7,50

Details

Skoare by FC Top fan Jelle Bangma giet oer de talintfolle David en

Jeffrey, dy’t gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in

scout fan it grutte FC Top út ’e stêd te sjen.

De jonges wurde útnoege foar in oantal

proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet

in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in

freeslik fanatike heit dy’t alles op alles set foar in

fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr

folle relaxter mei omgien. Foar him is der mear yn it

libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges yn de

stêd ûntfongen wurde? Wa fan harren wurdt úteinlik

útnoege foar de ‘Voetbalschool’?

En is dat no wol écht wat de jonges wolle?

Author : Jelle Bangma Leeftyd : 8-12 jier Domein : Lêzen Underwiissoart : primêr ûnderwiis Kategory: , .