Kategoryen

No products in the cart.

Robin Hood (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

It ferhaal fan Robin Hood wurdt al hiel lang ferteld. Syn namme wurdt foar it earst neamd yn in boek út 1377. Eins wiene der allegearre ferskillende ferhalen oer Robin Hood. Yn al dy fertellingen gie it om in man dy’t mei syn binde yn it bosk libbe. Ut alle ferhalen ûntstie op it lêst de Robin Hood leginde dy’t wy kinne oer in bendelieder dy’t jild steld fan rike minsken om dat út te dielen oan earme minsken. Dy fine Robin Hood fansels in held, rike lju fine him in skurk, in misdiediger. Dy riken sitte dus altiten achter him en syn mannen oan. Robin syn binde hiet ‘The Merry Men’ (De fleurige manlju). Omdat se yn de bosken wennen, hienen dy griene klean oan as kamoeflaazje.

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By in tal fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.

Yn de metoade Searje 36, foar it fuortset ûnderwiis, stiet it projekt Praat mar Toaniel klear, dêr’t ek guon fan dizze boekjes by brûkt wurde kinne. Sjoch de metoade foar mear ynformaasje.