Kategoryen

No products in the cart.

Oz (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

24,75

In stock

Details



The Wonderful Wizard of Oz is in Amerikaansk berneboek út 1900, skreaun troch L. Frank Baum. It is al mear as hûndert jier lyn skreaun, mar dochs is it noch altyd hiel bekend. Dat komt trochdat it boek yn sa’n soad talen oerset is en trochdat der films, toanielstikken en musicals fan makke binne. It ferhaal fan de ‘Wizard of Oz’ giet oer Dorothy, in famke dat der wat út leit op skoalle. Har ferskriklike libbentsje op skoalle feroaret ynienen troch wol hiel wûnderlike omstannichheden! Se belânet yn in lân mei heksen en tsjoenders, en oare frjemde skepsels: OZ. Dêr slút se freonskip mei Blikjeman, Fûgelskrik en Leffe Liuw. Alle fjouwer ha se in doel en der is mar ien persoan dy’t harren der by helpe kin: de tsjoender fan Oz.

In rige fan 6 toaniellêsboekjes foar de groepen 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By twa fan de seis útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’. Brûksto Spoar 8 al? Freegje dan no de boekjes fergees oan! Do kinst foar de learlingen fan groep 7 it boekje Oz en foar de learlingen fan groep 8 it boekje Jungleboek fergees oanfreegje

Author : Praat mar Toaniel! Kategory: .

Relatearre produkten

Fersen foar Fokje
Yn winkelwein
Nij
12,50
De Beam
Yn winkelwein
Nij
14,50
Genietsje fan de lytse dingen
Yn winkelwein
Nij
8,95
Eene quaestie van vraag en aanbod
Yn winkelwein
Nij
19,50